Aksje tsjin skrassen bushaltes

Domien van Wees, âld-ferkearswethâlder fan Tytsjerksteradiel ropt de ynwenners fan Sumar op yn ferset te kommen tsjin it plan om bushaltes yn en by it doarp te skrassen. Ien en oar hat te krijen mei de oanlis fan de Sintrale As.
De provinsje wol as de dyk der leit fjouwer bushaltes tusken Nyegea en Burgum fuorthelje om't der no te min gebrûk fan makke wurdt. Van Wees bestriidt dat en fynt dat de haltes bestean bliuwe moatte.