Gemeenten op bedriuwedagen

It ûndernimmersplein fan de gemeenten Kollumerlân, Dantumadiel, Dongeradiel, Achtkarspelenen en Tytsjerksteradiel op de bedriuwekontaktdagen yn it WTC Expo yn Ljouwert, is hast útferkocht. Fan de goed hûndert stands binne noch mar in pear oer.
Op de bedriuwekontaktdagen op 23 en 24 maart hat Noardeast-Fryslân it grutste ûndernimmersplein. Undernimmers yn Tytsjerksteradiel dogge dit jier foar it earst mei oan de gearwurking.