Himpkwekerij Drachten oprôle

19 jan 2010 - 10:40

De plysje hat moandei yn in wenning yn de Tjaarda yn Drachten in himpkwekerij oprôle. Nei klachten oer stankoerlêst wie de plysje op ûndersyk útgien. Yn in sliepkeamer stiene 27 himpplanten.

De plysje hat alle planten en de apparatuer yn beslach nommen en ferneatige. De bewenner wie net thús. Hy moat him meikoarten ferantwurdzje op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)