Holwert krijt akkommodaasje

19 jan 2010 - 09:56

Holwert krijt syn eigen multy-funksjonele akkommodaasje. B en W fan Dongeradiel stelle goed 1,3 miljoen euro beskikber. De kosten binne goed 2 miljoen euro. De rest fan it bedrach moat by elkoar brocht wurde troch de provinsje en ferskate fûnsen.

Troch de ynset fan frijwilligers kin 2,5 ton besparre wurde. Yn sintrum krije ûnder oare it jongereinwurk, it pjutteboartersplak, de begraffenisferiening en de fuotbalferiening ûnderdak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)