Fjildbiologen stride troch

Dit is de haadpersoan yn de kwestje
De Fryske Feriening fan Fjildbiologen is net ferrast troch de útkomsten fan de ûndersykskommisje oer de gong fan saken by de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. De feriening ferwachtet de striid mei de gemeente troch te setten yn de rjochtseal.
De ynset is de flora en fauna yn it gebiet. Yn it kanaal fan De Feanhoop nei Nij Beets swimt nammentlik de seldsume streepte wetterrôfkrobbe en dêr moat de gemeente bot rekken mei hâlde, neffens de fjildbiologen.