Rûte nei De Jouwer gefaarlik

© Omrop Fryslân
De rûte dy't skoalbern fytse tusken Sint Nyk en De Jouwer is te gefaarlik. Dat fynt in tal skoallen en ferienings foar pleatslik belang.
Ut ûndersyk fan Veilig Verkeer Nederland docht bliken dat benammen de dyk troch Skarsterbrêge gefaarlik is. Omdat der gjin fytspaad is, fytse minsken tusken it oare ferkear. Wethâlder De Winter fan Skarsterlân hat tasein te besjen wat foar maatregels der komme moatte en wat foar budzjet der beskikber is.