Militêre training NW-Fryslân

18 jan 2010 - 22:02

Yn de omkriten fan Marrum wurdt de kommende dagen in training hâlden foar militêre jachtfleantugen en gefjochtshelikopters. De training giet benammen om de kommunikaasje fan militêren dy't oan de grûn kontakt ûnderhâlde mei de kollega's yn de loft oer de eksakte lokaasje fan oan te fallen doelen.

De militêren moatte sa leare gear te wurkjen mei fleantugen fan de ferskillende NAVO-lannen. De training duorret oant en mei tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)