Campercamping yn Haskerdiken

Fryslân krijt syn earste camper-camping by Haskerdiken
Yn Haskerdiken komt de earste camping foar campers yn Fryslân. Campings en oanlisplakken foar boatsjes hat Fryslân in hiel soad, mar in camping spesjaal foar campers, dat wie der noch net. In campercamping bestiet út grutte parkearplakken mei foarsjennings lykas stroom en wetter en in dûs-en-wc-gebou.
De inisjatyfnimmers hoopje ein febrewaris de fergunnings rûn te hawwen, de gemeente Skarsterlân is posityf oer de plannen.