Frou 'ken' moardner Vaatstra

18 jan 2010 - 15:28

Foar de twadde kear yn in wike tiid is der wer in nije tsjûge yn 'e saak-Vaatstra. De âld-Ljouwerter Rosalin van Zessen seit by de moardner fan Marianne Vaatstra yn 'e hûs wenne te hawwen. Se docht har ferhaal yn De Telegraaf fan moandei.

Ferline wike waard in sekere Ali as moardner oanmerke. Van Zessen herkent him as âld-húsgenoat. De moarns nei de moard seach se him mei bloed op de klean. Hy prate ek oer Marianne. It OM fynt it dreech it ferhaal yn te skatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)