Amateurkeunst ûnder druk

Harmonie 'ûnbeltelber' foar amateurkeunst
Amateurkeunst yn Fryslân stiet hieltyd mear ûnder druk. Dat seit foarsitter Van Gelder fan teaterkoar Animato. Om as amateurselskip in foarstelling op nivo te bringen, moat der bygelyks in goed orkest ynhierd wurde. De kosten dêrfoar binne de lêste jierren bot omheech gien.
In foarstelling yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert kostet in hiel soad. Foar amateurselskippen is it dreech wurden de holle boppe wetter te hâlden.