Tûzen himpplanten yn Snits

30 mrt 2012 - 16:40
  • Himpkwekerij

Yn in gebou op yndustryterrein Houkesleat yn Snits hat de plysje freed in yllegale himpkwekerij oprôle. De plysje trof tûzen planten oan, en der wie noch romte ynrjochte om nochris tûzen plantsjes te kweken. Trije fertochten binne yn en by de kwekerij oanhâlden. It giet om in Barnevelder (32), in man út Dronten (33) en in man út Harderwijk (48). Yn it gebou wie earder ek al ris in himpkwekerij oprôle.

De plysje hold de trije al langer yn de gaten en mei help fan tips koene se freed oanhâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)