Aksje foar bestean doarpssuper

De doarpswinkel yn Wytgaard
De doarpswinkel yn Wytgaard besiket mei aksjes en stipe fan leveransiers en doarpsbelang nije klanten te krijen. Komme dy der net, dan ferdwynt de winkel en dêrmei ek it plak om jild pinne te kinnen. De winkel hat op dit stuit te min jild foar reparaasje fan stikkene dingen of foar ferfanging.
De winkel wol benammen mear bôle ferkeapje, want dêr wurdt it meast mei fertsjinne. Boargemaster Crone fan Ljouwert komt takom wykein del om de aksje te stypjen.