'Harns moat ovenbou stillizze'

De inisjatyfnimmers fan de hantekenaksje Afvaloven Nee yn Harns roppe op om woansdei manmachtich nei de riedsgearkomste yn Harns te kommen. Neffens de minsken fan it boargerinisjatyf kin de ried woansdei net oars as de bou fan de sintrale stillizze. De Ried fan Steat hat de miljeufergunning ûnjildich ferklearre.
It boargerynisjatyd hat 13.5000 protesthantekens ophelle. De belutsen gemeentes binne fanút de provinsje frege it beslút opnij te besjen.