Vandenbussche net tsjin Grins

18 jan 2010 - 11:03

It is noch ûnwis oft SC Hearrenfean-doelman Brian Vandenbussche woansdei yn de noardlike derby tsjin FC Grins meidwaan kin. Vandenbussche hat sneon in rêchblessuere oprûn yn de bekerwedstriid tsjin PSV en waard krekt foar it skoft wiksele foar Martin Lejsal.

By it nimmen fan in doeltraap is it de Belgyske doelman yn 'e rêch sketten. Neffens de fysioterapeut fan de klup Erik ten Voorde komt de wedstriid tsjin FC Grins te betiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)