'Gjin ekstra jild foar Polderhoofdkanaal'

It Polderhoofdkanaal by Nij Beets
GrienLinks Smellingerlân is tsjin in ekstra bydrage fan de gemeente oan it Polderhoofdkanaal. Boargemaster Middel fan Smellingerlân hat nochris njoggen ton tasein foar de weriepening fan it kanaal, neffens de partij.
De partij fynt dat de gemeente mei de eardere taseine 1,4 miljoen genôch bydraacht. Mocht it plan dêrmei net út te fieren wêze, dan moat it mar net trochgean. GrienLinks is benaud dat der yn de takomst noch mear jild by moat.