Mooglik Haïty-aksje provinsje

De provinsje Fryslân besjocht tiisdei oft der in provinsjale aksje komt foar de slachtoffers fan de ierdbeving yn Haïty. Guon lanlike televyzje- en radiostjoerders hâlde tongersdei in benefytaksje.
De provinsje hat noch gjin offisjele plannen, seit in wurdfierder. In mooglikheid is dat út 'e amtners wei in aksje dien wurdt, mar it soe ek grutter oppakt wurde kinne. Deputearre Steaten prate tiisdei oer in al of net in aksje yn 'e reguliere gearkomste.