Grutte kanalen wer frijjûn

18 jan 2010 - 10:26
  • It Prinses Margrietkanaal (argyffoto)

De farwei nei Drachten en dy nei It Hearrenfean meie fan moandei ôf wer brûkt wurde troch de skipfeart. Dat hat de provinsje bekend makke. Op de twa trajekten wie sûnt 7 jannewaris in farferbod om de wâlskanten te beskermjen tsjin kruiend iis.

Foar de lytsere farwegen jildt dat farferbod noch hieltyd. Op de gruttere farwegen as it Prinses Margrietkanaal en it Van Harinxmakanaal mei gewoan fearn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)