Ungelokken troch glêdens

18 jan 2010 - 08:12

Op ferskate plakken hawwe moandeitemoarn ûngelokken west troch de glêdens. By Hurdegaryp en Weidum rekken twa autobestjoerders ferwûne by iensidige ûngelokken. Se waarden mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Yn Warkum, Penjum, Eagum, Grou en Broeksterwâld rekken auto's fan de dyk. Dêrby wie allinnich blikskea. Benammen op binnendiken wie it moandeitemoarn glêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)