Aris hurd ûnderút

17 jan 2010 - 18:07

Aris Friesland is snein troch de basketbalploech fan de Gasterra Flames út Grins ynmakke. De Grinzers, dy't boppe-oan stean yn de kompetysje, hellen in skoare fan 100 punten.

De einstân yn sporthal it Kealledykje wie 101-66. Benammen de twadde helte wie striemin oan de kant fan Aris. De Ljouwerters stean no sechsde. Sneon kin Aris him revansearje tsjin Swolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)