Douwe Amels wint heechspringen

Douwe Amels
Atleet Douwe Amels fan Drachten hat snein yn Grins it heechspringen wûn. De junior sprong yn de yndoarwedstriid in hichte fan 2.14 meter. Noch nea earder sprong in Fries heger.
Mei dy prestaasje foldocht Amels oan de limyt foar it WK atletyk foar junioaren yn Moncton, Kanada. Ferline jier waard de Drachtster al Nederlânsk kampioen foar junioaren op dit ûnderdiel.