Plysje pakt knuppel en drugs

17 jan 2010 - 14:15

In 27-jierrige Ljouwerter hat sneontejûn op de Weaze syn honkbalknuppel ynleverje moatten by de plysje. De knuppel waard fûn by in kontrôle fan syn auto. De Ljouwerter hat in boete krigen foar it hawwen fan in wapen.

Op de Tuinen yn Ljouwert hat de plysje by in kontrôle fan de auto fan in 30-jierrige Ljouwerter harddrugs fûn. De drugs binne yn beslach naam en de man moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)