1200 euro oan boetes ophelle

De plysje hat sneon yn Opsterlân en Smellingerlân goed 1200 euro oan noch net betelle boetes ophelle. By dizze saneamde 'eksekúsje-aksje' waarden 22 adressen besocht fan minsken dy't noch in selstraf útsitte moatte of boetes net betelle hawwe.
Ien persoan is oanhâlden. Hy koe in boete net betelje. Ek waard in auto bûten gebrûk steld om't de eigner gjin jild hie om de iepensteande ferkearsboetes oer te meitsjen nei it CJIB.