Aaisikers foar de rjochter

17 jan 2010 - 12:36

By de ekonomyske plysjerjochter moatte moandei in tal aaisikers foarkomme omdat se yn guozzegedoochgebieten oan it aaisykjen west ha. Dat mei net foar healwei fiven middeis en nei it ûndergean fan de sinne.

Neffens ien fan de fertochten, in man út Hurdegaryp, stiene by it gebiet yn Aldlemmer dêr't er aaisocht hat, gjin ferbodsbuorden. Neffens de provinsje hie er op de ynternetside fan de provinsje sjen kind wêr't al of net socht wurde mocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)