Jild nedich foar luchtsysteem

17 jan 2010 - 12:05

Boargemaster en wethâlders fan Boalsert wolle in lytse 30.000 euro útlûke om it klimaat yn de Sint Maartenskoalle te ferbetterjen. Bern, learkrêften en âlders kleie deroer dat de lucht yn de skoalle min is, se krije der pine holle fan.

De Bisschop Möllerstifting, dêr't de skoalle ûnder falt hat de gemeente om subsydzje frege foar in better luchtta- en ôffiersysteem. De stifting betellet sels ek mei, en de rest wurdt betelle troch it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)