Wer in titel foar Zonderland

17 jan 2010 - 09:23

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer is troch it gymmestykbûn KNGU útroppen ta sportman fan it jier. Dat waard sneon op de nijjiersbyienkomst bekend makke. Zonderland wie in logyske kar, omdat er ek al oer it generaal sportman fan it jier is.

De Lemster helle ferline jier sulver op de rekstok by it WK turnjen yn Londen. Op itselde tastel pakte er ek foar de twadde kear op rige de wrâldbeker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)