De Haan tafeltenniskampioen

© Omrop Fryslân
Yn sporthal Kealledykje yn Ljouwert is Jan de Haan opnij Frysk kampioen tafeltennisjen wurden. De spiler fan FTTC út Frjentsjer fersloech yn de finale syn klupgenoat Arnold Terpstra yn fjouwer sets. It wie foar De Haan syn fjirde Fryske titel. Mei klupgenoat Martijn van der Heide hie hy moarns ek al de dûbeltitel wûn.
By de froulju prolongearre Sandra van Gaalen fan YOS út Ysbrechtum har Fryske titel. It twadde plak wie hjir foar Bianca Huiting fan Ready-Ljouwert.