Fryslân yn aksje foar Haïty

16 jan 2010 - 16:28
  • Claudia Fraterman mei har kollekte-doaze
  • En hiele grutte kollekte-bussen

Yn Fryslân wurde op ferskate plakken aksjes opsetten foar slachtoffers fan de ierdbeving op Haïty. Yn Koudum is de famylje Fraterman aktyf, sy hawwe trije bern adoptearre út Haïty. It gesin is dan ek bot troffen troch de ramp, benammen om't se noch neat heard hawwe fan de famylje fan de bern.

Ek yn Seisbierrum, Droegeham en op De Jouwer binne al ynsammelingsaksjes foar de slachtoffers fan de ierdbeving.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)