Rêdingsboat Amelân wer paraat

16 jan 2010 - 15:30

De rêdingsboat fan de KNRM op It Amelân is wer ynsetber. De boat koe sûnt ôfrûne woansdei net mear útfarre omdat dy fêst siet yn it iis. De boat leit yn de Ballumerbocht oan de súdkant fan it eilân en de wyn waaide rjocht dy bocht yn. Problemen hat it fêstsitten fan de rêdingsboat net opsmiten, omdat de boaten fan de oare eilannen wol gewoan farre koene.

It probleem kin him by in folgjende froastperioade wol wer foar dwaan, want der is gjin oar plak beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)