Butijn foarsitter CDJA Fryslân

16 jan 2010 - 14:39

De 20-jierrige Bert-Jan Butijn is freedtejûn keazen as nije foarsitter fan it CDJA Fryslân. Hy is de opfolger fan Jan Jitse Visser, dy't kandidaat is foar de gemeenteried fan Dantumadiel.

Butijn wie ponghâlder fan it CDJA. Hy studearret oan de Thorbecke Academy yn Ljouwert en is de nûmer njoggen fan de kandidatelist fan it CDA yn Ljouwert foar de ferkiezings fan maart. It CDJA is de jongere-organisaasje fan it CDA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)