Stroetinga en Bergsma op NK

16 jan 2010 - 14:13
  • Jorrit Bergsma (foto: Martin de Jong)
  • Arjen Stroetinga (foto: Martin de Jong)

Arjan Stroetinga, Jorrit Bergsma, Rob Hadders en Christijn Groeneveld meie snein wol starte op it NK maraton yn Amsterdam. De fjouwer maratonriders woene as Kazakken nei de Olympyske Spelen, mar dat is úteinlik net slagge. Dêrtroch wie der noch wol ûndúdlikheid oer de nasjonaliteit fan de fjouwer.

De KNSB woe bewizen hawwe dat de riders de Nederlânske nasjonaliteit hâlden hawwe. Dy bewizen binne der no en dus meie se meidwaan oan it NK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)