Bobslider Jansma op poadium

16 jan 2010 - 13:48

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein hat tegearre mei Edwin van Calker sjen litten dat der op de Olympyske Spelen rekken mei harren hâlde wurde moat. Yn de wrâldbekerwedstriid yn Sankt Moritz waard it duo hjoed tredde yn de twamansbob.

It wie foar Jansma en Van Calker it earste poadiumplak fan it seizoen. Nei de earste run stiene se earste, mar yn de twadde run fespilen se dat plakje en einigen dus as tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)