Brân yn Winaam

By de brân yn Winaam ûntstie aardich reek- en wetterskea
Der hat freedtejûn brân west yn in hûs oan de Buorren yn Winaam. De plysje wie gau te plak en hat tegearre mei de bewenners fan it hûs in oantal bisten en wat guod út it hûs helle.
De brân is ûntstien yn de kompjûterkeamer. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De wenning rûn wol in soad reek- en wetterskea op. In plysjeman is noch ûndersocht troch it ambulânsepersoaniel op mooglik it ynazemjen fan skealike stoffen.