Nijenhuis fjirde op WKsprint

Beorn Nijenhuis hat it poadium yn sicht op it WK sprint
Nei de earste dei op it WK sprint yn it Japanske Nobihiro stiet Beorn Nijenhuis fan it Hearrenfean op it fjirde plak yn it tussenklassemint. Nijenhuis waard 10e op de 500m en behelle in kreas twadde plak op de 1000m. Nijenhuis hat it podium yn sicht want hy hat in efterstân fan twahûndertste fan in sekonde op de nûmer 3 en fiifhûndertsten op de nûmer 2 yn it klassemint.
Ingeborg Kroon fan Snits spilet gjin rol fan betsjutting. Sy stiet 21e.