Hospes makket it wer wier

15 jan 2010 - 23:39

Jesper Hospes fan It Hearrenfean is freedtejûn Frysk kampioen koartebaan wurden. De 21-jierrige rider waard ôfrûne wike ek Nederlânsk kampioen en wie dêrtroch de grutte favoryt.

Dochs hie hy it noch dreech yn Balk. Yn de finale gie it úteinlik tusken Hospes en Freddy Wennemars. It kaam oan op de lêste race en dy wûn Hospes mei 19 hûndertste ferskil. Wennemars, it broerke fan Erben, wennet yn Wolvegea en betocht fan 'e moarn ynienen dat hy meidwaan koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)