Skarsterlân struit minder

15 jan 2010 - 21:43

Skarsterlân sil de kommende tiid minder mei sâlt struie. In driigjend tekoart oan sâlt bringt de gemeente hjirta. Foarearst wurdt der allinnich noch op de haadrûtes struid.

Ynsidentele fersiken om mei sâlt de glêdens te bestriden wurde dan ek net honoreard. Dat gebeurt allinnich as de berikberheid fan de helptsjinsten yn gefaar komt. De gemeente Skarsterlân slút net út dat op guon diken mei sân struid wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)