Aksje tsjin TON It Fean

© Omrop Fryslân
De foarsitter fan de iennichste Fryske ôfdieling fan Trots Op Nederland, dy op It Hearrenfean, moat ôfstân nimme fan earder diene útspraken fan partijlieder Rita Verdonk. Dat easket de aksjegroep Frije Fryske Grûn.
Verdonk hat yn 2008 op in sprekbeurt yn Ljouwert sein dat se alle provinsjes opheffe wol, ek Fryslân. As TON Hearrenfean net iepenlik ôfstân nimt fan dy útlittings, dan sil de aksjegroep alle posters fan TON fuorthelje.