Wer bom by fleanbasis fûn

15 jan 2010 - 17:41

Der is in fjirde fleantúchbom by de fleanbasis fan Ljouwert fûn. It demontearjen fan de oare trije wurdt dêrom útsteld. It ôfrûne wykein waarden trije bommen fan 500 pûn fûn. Dy soene no tongersdei demonteard wurde. Bewenners oan de Marsumer kant fan de fleanbasis soene dan de hiele dei evakueard wurde moatte.

Dat giet no net troch, omdat de gemeenten Ljouwert en Menameradiel earst sjen wolle oft der noch mear bommen yn it gebiet lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)