Folop langlaufe yn Fryslân

Tal fan langlaufrûtes yn Fryslân
Minsken kinne sûnt freed langlaufe yn it Drents Friese Wold. Der wiene al rûtes útsetten yn Oranjewâld, by Wynjewâld en yn de bosk by Haulerwyk, mar minsken fan Steatsboskbehear hawwe freed ek rûtes útsetten yn it gebiet by Appelskea, it Drents Friese Wold dus.
Yn it besikerssintrum dêr binne gjin skys te hier, dus minsken moatte se sels meinimme. De rûte troch it Drents Friese Wold is sa'n 6 kilometer lang.