Limyt oan Iselmartoertocht

15 jan 2010 - 13:10

De organisaasje achter de toertocht, dy't sneon by Hylpen op de Iselmar hâlden wurdt, hat in maksimum steld oan it tal dielnimmers. Op syn meast 2000 minsken meie oan de tocht meidwaan. Ek meie der net mear as 1000 auto's parkeard wurde yn Hylpen.

Mocht dat oantal berikt wêze dan sille automobilisten by de spoaroergong by de stêd weromstjoerd wurde. Fanwege de auto's wurdt de dyk tusken Molkwar en Hylpen ôfset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)