Nijbou Muntsjesyl tichterby

Kollumerlân wol op dit plak wenten bouwe
Mei de oankeap fan grûn midden yn it doarp set de gemeente Kollumerlân de earste stap nei nijbou yn Muntsjesyl. Op it plak wêr earder it lânboumechanisaasjebedriuw Geertsma siet, wol de gemeente tusken de tsien en de twintich hûzen bouwe litte.
Fanút it doarp wurdt der al langer om de nijbou frêge, want der is in grut ferlet fan starterswenten. Foarsitter Den Heijer fan doarpsbelang is dan ek bliid dat der no aksje ûndernaam wurdt.