NHL yn aksje foar Voedselbank

15 jan 2010 - 11:29

Bern fan âlders dy't gebrûk meitsje fan de Voedselbank yn Ljouwert wurde nije wike sneon meinaam troch studinten fan de NHL. Dy organisearje foar de bern in besite oan in oerkape boarterstún. De bern wurde dêr hinne brocht mei in bus.

De tocht wurdt mooglik makke troch regionale sponsors. Neist it organisearjen fan de besite oan de boarterstún sille de studinten ek helpe by de útjefte fan iten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)