Man smyt frou fan balkon

15 jan 2010 - 11:00

De plysje hat tongersdeitejûn oan de Droppingsstrjitte yn Ljouwert in 32 jierrige ynwenner fan dy stêd oanholden foar swiere mishanneling. De man hy yn syn wenning spul krigen mei in frou. Dat rûn sa bot út de hân, dat de frou fanôf it balkon op de earste ferdjipping nei ûnderen goaid waard.

De Ljouwerter smiet dêrnei allegear guod nei ûnderen. Sa krige de frou in fyts en in túnstoel op 'e holle. It slachtoffer moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De fertochte sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)