Stellerij út jeugdhonk

15 jan 2010 - 06:23

It jeugdhonk oan de Spikerboar yn Akkrum mist syn muzykynstallaasje. De apparatuer waard de ôfrûne dagen stellen. Allinne ien fan de boksen is achterbleaun, nei alle gedachten omdat de dieders steurd waarden. Dy dieders koene it jeugdhonk yn komme troch in doar iepen te brekken.

De skea rint yn de tûzenen euro's. Neist de muzykynstallaasje waard ek it jild út de fuotbaltafel meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)