Drachtsters meiïnoar op beurs

Goed 30 ûndernimmers út Smellingerlân sille foar it earst mei-elkoar nei de bedriuwekontaktdagen yn it Ljouwerter FEC te gean. Dêrfoar komme se net mei in tradisjoniele stand foar it eigen bedriuw, mar mei in spesjaal netwurkplein. In simpele opset om de hege kosten drukke te kinnen.
Yn stee fan in pear tûzen euro binne de dielnimmende ûndernimmers no mar 1500 euro kwyt foar twa dagen op de beurs.