Saab-eigners yn protestkonfoai

14 jan 2010 - 21:40

Mear as 60 Fryske Saab-eigners dogge snein mei oan in protestaksje tsjin de driigjende sluting fan de Sweedske autofabrikant.

De Saab-riders sammelje harren by tankstasjon Dorpshellen oan de A32 tusken Wolvegea en it Hearrenfean. Bestimming is it Militair Luchtvaart Museum yn Soesterberg der't in lanlike manifestaasje hâlden wurdt. Sa wolle de Saab-riders de Amerikaanske eigner General Motors oertsjûgje dat it automerk noch besteansrjocht hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)