Lêste ronde grypprikken

Freed wurde de alderlêste prikken jûn
Minsken dy't de twadde yninting tsjin de Meksikaanske gryp noch hawwe moatte, krije freed dêrfoar de lêste kâns. By de offisjele twadde ronde wie it opkomstpersintaazje leech fanwege it winterwaar. De GGD ferwachtet freed dan ek noch in soad minsken. Se binne dêrom útwykt nei in gruttere lokaasje oan de Kelvinstrjitte yn Ljouwert.
Op de webside fan de GGD stiet alle ynformaasje oer dizze lêste prikronde.