Sykaksje by Earnewâld

14 jan 2010 - 18:37

Yn de omkriten fan Earnewâld is tongersdei mei hûnen socht nei de fermiste Gerard Bootsma. De man wurdt sûnt freedtemiddei fermist neidat er fuortrûn is út dei-opfang It Trefpunt fan soarchgroep Noorderbreedte yn Ljouwert.

Freedtejûn is oan it Smitspaed yn Earnewâld in ûnbekende man sjoen. Dat soe Bootsma west hawwe kinne. De hûnen hawwe tongersdeitemiddei op dat plak wol oanslein. De KLPD siket fierder op dat plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)