Lauwersseewei toch iepen

De Lauwersseewei tusken Dokkum en Aldtsjerk hoecht takom jier toch net folslein ticht. De provinsje wol de dyk takom jier opknappe. Sa wurde by twa gefaarlike krúspunten rotondes oanlein.
De gemeente en ûndernimmers yn Dokkum en omkriten makken har soargen oer in mooglike ôfsluting fan de dyk. Hoe't auto's aanst ride moatte as de dyk opknapt wurdt, is noch ûndúdlik. De gemeente Dongeradiel praat dêr noch oer mei de provinsje.