Jongeren wolle wol bliuwe

14 jan 2010 - 16:58

In soad jongeren yn Noard-Fryslân wolle yn de takomst graach op it plattelân bliuwe. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk troch studinten fan de hegeskoallen NHL en Van Hall.

Sy hawwe jongeren befrege oer har winsken en ideeën foar de takomst. Dat wie foar it projekt Jonge Friezen Foarút. Dat is in provinsjaal projekt dat as doel hat om de leechrin op it plattelân tsjin te gean. Jongeren wolle wol bliuwe, mar dan moatte der wol bettere foarsjennings komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)