Untslaggen bij Autonational

14 jan 2010 - 14:51
  • Resesje treft ek Autonational

By it bedriuw Autonational yn Drylts krije 12 fan de 35 minsken dien. It giet om minsken mei in fêst kontrakt dy't twongen ûntslein wurde. Neffens de direksje binne de ûntslaggen nedich om it fuortbestean fan Autonational feilich te stellen. It bedriuw krige ferline jiet folle minder oarders. Autonational makket buizen en masines.

Der is gjin jild foar in sosjaal plan. Autonational ferwachtet mei de ûntslaggen wer sûn fierder te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)